Prissentaasje fan it projekt

It doel fan it projekt is om de talen en kulturen dy't men by it Jabikspaad lâns fine kin foarte stellen en om harren bydrage oan it kulturele erfskip fan Jeropa te ûnderstreekjen -mei spesjaal omtinken foar kulturele minderheden. Dêrby sil dy kulturele eigenhedenoer de respektyflike nasjonale grinzen hinne ferspraat wurde. Tagelyk giet it derom omeardere ferbiningen nij libben yn te blazen en om in útwiksel tusken talen en kulturen by itJabikspaad lâns fuort te sterkjen. De opset is

 

om ynformaasje te jaan oer taalkundich en kultureel ferskaat, de oarsprongen fan ´e talenen harren wjersidige ferbiningen en fierders om wichtige ileminten fan ´e Jeropeeskeidintiteit te beljochtsjen.

 

om pylgers en oaren dy't der belang by hawwe te fertellen oer it ûntstean en de ûntjouwingfan ´e Jeropeeske talen en harren eardere en hjoeddeiske ferbiningen.

 

om by te dragen ta in better begryp fan pleatslike en regionale kulturen by it Jabikspaadlâns en dêrmei it idee te beklamjen fan in Jeropa oer de regionale grinzen hinne,

 

Op in kongres oer Jeropeeske talen en kulturen sille spesjalisten út ûnderskateJeropeeske lannen redendiele oer it belang fan it Jabikspaad foar it kulturele ferskaat fanJeropa, de ynfloed dy´t de talen op inoar hân hat en it kontakt dat se hjoeddedei meiinoarhawwe - benammen ek mei it each op ´e talen fan minderheden.

Reizgjende útstalling "Jeropa in de Jabikswegen"

It Jeropeeske projekt "Road of Languages and Cultures" ret in reizgjende útstalling ta dêr´tyn gean sil om "Jeropa yn ´e Jabikspaden" It artistike erfskip - benammen de ikonografyfan Sint Jabik -, it taalkundige ferskaat by it Jabikspaad lâns en wittenskiplike resultatenop it mêd fan ´e taalkunde en de taalsosjology sille dêr op it aljemint komme. Dat sil dienwurde mei help fan ynteraktive audio-fisuele skermen, foto´s, katalogi, ynformaasjeblêdenen literêre foarstellingen. Op dy wize sil it belang fan it Jabikspaad en it pylgerjen neiSantiago de Compostella as kulturele kontaktpunten nei foaren brocht wurde.

 

Yn ´e útstalling sil de klam lizze op de betsjutting fan ´e talen en kulturen by it Jabikspaadlâns. It doel is om it yntegrative karakter dúdlik te meitsjen dy´t it Jabikspaad yn it ferlinehie en hjoeddedei noch hat.Njonken de útstalling steane noch oare aktiviteiten op priemmen, ûnder oaren lêzingen,boekoanbiedingen, konserten, it foarlêzen fan literêre teksten dy´t mei it Jabikspaad tekrijen ha en stúdzjedagen mei thematysk relevante ûnderwerpen.

 

Meartalich portaal oer de kulturele skiednis fan ´e ûnderskate Jeropeeske regio´s by itJabispaad lâns (www.camino-eu.com)

 

Dizze webside jout de wichtichste feiten, dokuminten, teksten en ôfbyldingen foar deûnderskate talen en it ûnderwerp 'pylgerjen'. Fierders sille alle resultaten yn it ramtfan it projekt "Road of Languages and Cultures" dêr iepenbier makke wurde. It portaalis meartalich en is didaktysk rjuchte. Mei help fan teksten, ôfbyldingen, kaarten endiagrammen, kin de brûker ynteraktive tagong krije ta de mylpeallen fan ´e taalkundigeen kulturele skiednis fan Jeropa troch him- of harsels te ferdjipjen yn ´e kulturele entaalkundige situaasje fan ´e ûnderskate regio´s by de pylgerwegen lâns. It materiaal datoanbean wurdt is beskikber yn alle talen dy´t yn it projekt behelle binne; it kin downloadeen printe wurde.

 

Allyksa kin men op in euroboard de pylgerwegen mei de wichtchste kulturele entaalkundige barrens oanklikke. Dy kaart is ek ynteraktyf en jout materiaal oer plakken oanit Jabikspaad dy´t it besjen wurdich binne.

 

It portaal wolalgemiene ynformaasje jaan oer it ferkynsel 'pylgerjen' en de ynfloed dêrfan op ´eûntjouwing fan talen en kulturen yn ´e Jeropeeske lannen;digitale útjeften besoargje fan ´e wichtichste dokuminten en literêre wurken oangeande depylgerfeart en de taalkundige en kulturele idintiteit fan ´e folken fan Jeropa.

Loading
www.santiagolanguages.com
www.santiagolanguages.com
Sprachen und Sprachpolitik entlang des Jakobsweges, Romanisches Seminar der CAU zu Kiel: 28.05.2013
Sprachen und Sprachpolitik entlang des Jakobsweges, Romanisches Seminar der CAU zu Kiel: 28.05.2013
EUROPA AUF DEN JAKOBSWEGEN            KIEL, LANDESHAUS: 22. 11. – 19. 12. 2011 | CENTRE CULTUREL FRANÇAIS, KIEL: 24.01. - 24.02.2012
EUROPA AUF DEN JAKOBSWEGEN KIEL, LANDESHAUS: 22. 11. – 19. 12. 2011 | CENTRE CULTUREL FRANÇAIS, KIEL: 24.01. - 24.02.2012
Congress Santiago (21./22.10.2011)
Congress Santiago (21./22.10.2011)